Giny Bastiaans

Noch mear dowen

logo.ensafh

Freondin T. siet op ’e praatstoel. Se wie ferhuze. Nei in appartemint. En it wie o sa nei ’t sin. Trije heech, útsicht oer de greiden en ûnder wie ek fan alles te belibjen. Skilderje, muzyk, kofje drinke, ite, rabje.
Se hat ek in moai grut balkon. Bakken mei kleurige blomkes en fansels in hokje om wat iten foar de fûgels op te struien.
‘Sa gesellich,’ nokkere T., ‘ik mei graach oer fûgeltsjes om my hinne. Oars kin it gjin thús wêze.’
Ik wie it mei har iens. Ik siet noch mar krekt doe’t de bel gie. Har buorman kaam deryn en sa te sjen wie er wat oeral.… Lês fierder

Dré Siderius

tsjuster is it

logo.ensafh

 

 

 

tsjuster is it
tsjuster as myn ferjit
lis ik yn in klûs
de tiid is op, ik lien
fan ien dy’t te ier giet
in berutsen fjoer
dit dwyljen tsjin de nacht
dan flakkeret my wat wylds de holle út
is it eangst, ynslûpte
ûnrêst, synysk ûngemak
oer wa’t my wachtet, oft der ien wachtet
kin ik moarn wer wêze
fêst, beret
in fers útfike krekt
it ljocht wifket lang en stjoert
in stoarm foarút… Lês fierder

Martsje de Jong

Lubbert Jan de Vries presintearret ‘Liet fan mysels’

logo.ensafh

Yn de tsjerke fan Jellum, dy’t tsjintwurdich as teätertsjerke It Mammemahûs bekend stiet, presintearre Lubbert Jan (Bert) de Vries sneon 13 april syn Fryske oersetting fan ‘Song of mysels’, it grutste en bekendste wurk fan de Amerikaan Walt Whitman (1819 – 1892). In gedicht, sûnt 1862 besteande út net minder as 52 fersen, mei as neigesetsje ek noch de oersetting fan it folsleine foarwurd fan Whitman sels sa’t dy dat yn 1855 skreau yn de bondel ‘Leaves of grass’, dêr’t de earste ferzje fan ‘Song of myself’ yn stie. Doe noch mar tolve fersen lang, trouwens. Om dat foarwurd ek oer te setten, wie it idee fan útjouwer Piter Boersma.… Lês fierder

Henk Nijp

Links- of rjochtsom dat is de kwestje 

logo.ensafh

Hoewol ‘t it bûten noch glûpende kâld oanfielde, bruts de maitiid hjir en dêr dochs troch. It beamkeguod waard, wat wifkjend, al grien. Wy rieden troch de lânsdouwen fan de noardlike provinsjes. En doe’t wy troch de kop fan Noard-Hollân tuften, stiene de hyasintfjilden dêr te pronkjen yn, nei myn idee nochal oerdwealske kleuren, pears, rôze, wyt, giel, blau en allerhande fariaasjes dêrfan. Betide fakânsjegongers, benammen ús easterbuorren mei waarme mûtsen op, stiene manmachtich mids de blomme-ekers om groepsfoto’s dan wol selfies te meitsjen. Dêr koene de bolleboeren mar wer wiis mei wêze. As der dan ek noch in mûne op ’e eftergrûn stiet te draaien, is it plaatsje kompleet.… Lês fierder